Realisaasje fan 76 studio's boppe restaurant Tao nei boufak

Der komme 76 hierapparteminten boppe restaurant Tao oan de Baljéestrjitte tsjinoer it stasjon yn Ljouwert. Nei de boufak wurdt begûn mei it realisearjen fan de studio's, dy't allegear ûnder de 500 euro yn de moanne kostje sille.
It giet om in inisjatyf fan Zwanenburg-projekten dy't dizze wike op It Hearrenfean al it kompleks Belkanto offisjeel iepene. Dêr waarden 52 apparteminten makke yn it earder belestingkantoor oan it stasjonsplein.
Neffens Bernhard Hoekstra fan Zwanenburg-projekten is dit sawol in moaie oplossing foar pannen dy't lang leech stean, as foar de hiermerk dy't sit te springen om in grutter oanbod betelbere wenten. De projekten wurde finansiere mei belizzingsjild út de merk.