Nijbou oan de man bringe mei in pop-up store yn it fjild

24 jun 2016 - 21:30

Sjen hoe't jo takomstige wenning yn Techum by Ljouwert derút sjocht? Dat is de kommende wiken mooglik yn de nij iepene 'pop-up store' oan 'e Skuorre. Yn de pop-up store kinne fragen beäntwurde wurde. Betsema Projecten en Delfsma Bouw sille hjir nammentlik de kommende tiid oan 20 nijbouwennings wurkje. De pop-up store stiet midden yn de nijbouwyk om sa ticht mooglik by de minsken te kommen.

Neffens Tjeerd Delfsma groeit de belangstelling foar moderne nijbouwennings en dêrom is it saak om de minsken in goed gefoel te jaan by it trajekt.

Iepeningstiden

Minsken krije op dizze wize de unike kans om huzen op lokaasje te besjen, seit Delfsma. It grutte foardiel is it persoanlik kontakt mei minsken. De pop-up store is sneon iepene fan alve oere moarns oant twa oere middeis.

Trefwurden: 
Techum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)