Tsientallen minsken betinke feteranen by Jouster toer

Feteranebetinking op De Jouwer © Stichting Militairen Veteranen Skarsterlân
Op de Jouwer is freed de jierlikse betinking foar feteranen hâlden by it monumint by de Jouster toer. De betinking is neffens tradysje in dei foar de offisjele feteranedei dy't sneon yn Den Haach hâlden wurdt. Sa wurde de Fryske feteranen yn de gelegenheid steld om by beide betinkings te wêzen.
De betinking freed luts tusken de 50 en 60 belangstellenden. De krânsen by it monumint op De Jouwer waarden lein troch de stifting foar feteranen yn Skarsterlân en boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren. Nederlân hat goed 117.000 feteranen.
De feteranedei sneon is in jierliks earbetoan oan de militêren dy't har ynset hawwe yn tsjinst fan de frede.