Snitser festival 'At the Watergate' hat finânsjes hast rûn

24 jun 2016 - 20:12

De begrutting foar it European Youth Music Festival 2018 yn Snits is sa goed as rûn. Dat waard freedtemiddei offisjeel bekend makke yn it teater fan Snits. De twa haadsponsors Rabobank en it Old Burger Weeshuisfûns hawwe dêr in grutte bydrage oan levere.

Neffens festivaldirekteur Lieuwe Toren moat der noch ien ton by om de totale begrutting fan 1,4 miljoen rûn te meitsjen. Ek waard de offisjele namme fan it festival bekend makke: 'At the Watergate'. Dizze namme docht eare oan de histoaryske wetterpoarte yn Snits.

Befoardering muzykedukaasje

Oeds Westerhof fan Kulturele Haadstêd 2018 is bot te sprekken oer At the Watergate. It festival is der op rjochte om muzykedukaasje te befoarderjen. Sa sille der ek ferskate skoalkoaren te hearren wêze. 

Ynternasjonale dielnimmers

Artistyk direkteur Ben van der Knaap fan Teater Snits sil him de kommende tiid dwaande hâlde mei de praktyske ynrjochting fan de saken. Sa moat Snits rekkenje op 7.000 dielnimmers út ferskate Europeeske lannen. Op tsientallen poadia sille binnen en yn de bûtenloft sa'n 650 foarstellingen jûn wurde. Hy hopet op 60.000 besikers. "In grutte, mar prachtige útdaging foar Snits", sa beslút Van der Knaap.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)