Keamerfragen oer fergoeding Zorgpartners Friesland

24 jun 2016 - 19:51

De PvdA yn de Twadde Keamer wol útlis fan minister Edith Schippers fan Folkssûnens oer de ferheging fan de fergoeding fan de tafersjochhâlders fan Zorgpartners Friesland. Dêr falle soarchgroep Noorderbreedte en de sikehûzen MCL en Tjongerschans ûnder.

De partij reagearret dêrmei op berjochten yn it Friesch Dagblad. De krante skreau begjin dizze moanne dat de tafersjochhâlders fan Zorgpartners Friesland no by de bêst betelle tafersjochhâlders fan Nederlân hearre.

De PvdA is benaud dat ek oare tafersjochhâlders aansten in hegere fergoeding hawwe wolle. De partij sjocht dêr gjin oanlieding foar, omdat it wurk fan de tafersjochhâlders yn dit gefal net swierder of dreger wurden is. De wet jout sûnt ferline jier wol romte foar in hegere fergoeding, as der sprake is fan mear ferantwurdlikheid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)