Fandalen slope auto yn Ljouwerter Simon de Vliegerstrjitte

24 jun 2016 - 17:31

Unbekenden ha op de Simon de Vliegerstrjitte yn Ljouwert in auto fernield. Dat moat bard wêze tusken tongersdeitejûn sân oere en freedtemoarn healwei tolven. Ien fan de achterbannen waard lekstutsen, der waard in rút fernield, in rutewisker ôfbrutsen en in doar iepenbrutsen sadat de motorkap iepenmakke wurde koe. Fierder waard de dop fan de kuolfloeistof derôf draaid en fuortsmiten. De plysje freget minsken dy't wat sjoen ha, har te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)