Sharon Dijksma: "Provinsje hannele goed by tafersjoch REC"

Omrin, ôffaloven, Harns © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De provinsje Fryslân hat gjin flaters makke by it tafersjoch op de ôffaloven REC yn Harns. Dat seit steatssekretaris Sharon Dijksma nei ûndersyk troch de Inspectie Leefomgeving en Transport (ILT). Oanlieding foar it ûndersyk wiene de fragen fan Grien Links yn de Twadde Keamer.
Dy gien oer it tastean fan in saneamde bypass by de ôffaloven. Skealike stoffen kinne dan om de filters hinne laat wurde. De konklúzje fan de lanlike ynspeksje is dat de provinsje in wiidweidige proseduere folge hat by it bouwen fan de oven.
Utkomsten ûndersyk
Unôfhinklike saakkundigen hawwe oardield dat de oven boud is neffens de bêst mooglike technyk. It ferlienen fan de fergunning, it tafersjoch en de hânhavening wurde útfierd neffens de regels, seit de Inspectie Leefomgeving en Transport. Deputearre Michiel Schrier is bliid mei de útkomsten fan it ûndersyk, sa seit er yn in reaksje.