Fryslân Miljeu boekt oardel miljoen winst

Offal © Omrop Fryslân, Andor Faber
Fryslân Miljeu, it ynsammelbedriuw fan de Omrin, hat ferline jier goed oardel miljoen euro winst makke. Dat is in heal miljoen mear as it jier dêrfoar. De winst komt foaral om't der effisjinter wurke is en om't der nije opdrachten binnenhelle binne.
De omset is groeid nei goed 29 miljoen euro. Fryslân Miljeu fertsjinnet it jild foaral troch de ynsammeling yn opdracht fan gemeenten, troch it ynsammeljen fan tekstyl en it bestriden fan ûnkrûd.