UPDATE: plysje fynt tsjûge dy't man fan it spoar helle

Spoaroergong by Achter de Hoven yn Ljouwert © Google Streetview
De plysje hat de persoan fûn dy't freedtemoarn in man fan it spoar lutsen hat by de oergong Achter de Hoven yn Ljouwert. Om tweintich oer achten lei dêr in man út in GGZ-ynstelling mei syn holle op de rails. Doe't der in trein oankaam, helle dizze persoan de man gau fan it spoar ôf. De plysje hie de gegevens fan dizze tsjûge ferkeard opskreaun, mar troch social media koe de persoan opspoard wurde.
Om't ferskate minsken, dy't ek tsjûge fan dit foarfal wienen, ferlet hawwe fan slachtofferhelp, woe de plysje graach wer yn kontakt mei dizze tsjûge komme. De man is werombrocht nei de GGZ-ynstelling.