Lanlik meldpunt skea troch gas-, oalje- en sâltwinning

24 jun 2016 - 16:02

Minsken dy't skea oprinne troch gas-, oalje- of sâltwinning kinne fan jannewaris takom jier ôf terjochte by in lanlik meldpunt. Dat hat minister Henk Kamp fan Ekonomyske Saken freed bekendmakke. In ferlykber loket bestiet al yn Grinslân, dêr't minsken harren melde kinne as se skea oprûn hawwe troch ierdbevings feroarsake troch gaswinning.

In lanlik meldpunt moat der foar soargje dat boargers en bedriuwen mei de juste ynstânsjes yn kontakt brocht wurde, en dat klachten en skeameldings korrekt ôfhannele wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)