Hurdfytster Anouska Koster ferrassend Nederlânsk kampioene

Hurdfytster Anouska Koster fan De Westereen hat freedtemiddei ferrassend de Nederlânske titel op 'e dyk pakt. Yn Goeree-Overflakkee wûn de 22-jierrige rydster fan de Rabo-Liv-ploech de sprint fan Janneke Ensing. Flak dêr efter einige Marianne Vos op it tredde plak. Anouska reagearre optein op har winst: "It is echt net te leauwen, ik kin it noch mar kwalik begripe, it is bizar."
Anouska siet de lêste kilometers yn it tsjil fan de nûmer twa. Har coach ferbea har om de kop oer te nimmen. Anouska hâlde har dêr oan.
"Ik tocht: ik sis neat!". Flak foar de finish gong Anouska de sprint oan. Wurgens fielde se net: "Ik fielde my eufoarysk!" Anouska Koster is de opfolchster fan twafâldich kampioene Lucinda Brand. Ilona Hoeksma fan Lúkswâld waard achtste.