It Bilt wol kastanjebeammesykte keare mei nij middel

24 jun 2016 - 12:26

De gemeente It Bilt begjint yn gearwurking mei de Stichting Iepenwacht Fryslân in proef tsjin de kastanjebloedsykte. Op it Bilt binne hast alle twahûndert kastanjebeammen oantaaste troch dizze sykte. Dy wurdt feroarsaake troch in baktearje.

De beammen geane dea, omdat de sapstream ûnderbrutsen wurdt.

De proef begjint no tiisdei yn St. Anne. Kastanjebeammen dy't oantaaste binne, wurde ynjekteard mei it middel Allicine. Dat is in natuerlike stof dy't ûnder oare yn knyflôk sit.

Op it Bilt wurde mei elkoar 46 beammen testen op de wurking fan it middel. Dizze beammen binne sa'n 40 jier âld. It ûndersyk duorret twa groeiseizoenen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)