Robot fan 10.000 euro draait ien dei mei yn Ljouwerter hotel

24 jun 2016 - 12:17

It is in primeur foar de hotels yn Fryslân. It Hampshire Hotel-Oranje Leeuwarden nimt hjoed in robot yn tsjinst as personiel. Hotelbedriuwen as it Hilton wurkje der al in skoft mei en ek yn Rotterdam en Amsterdam hat de robot syn entree al makke.

De robot mei de namme Hugo hat ''minsklike trekjes'' en kin fragen fan de hotelgasten beäntwurdzje. It is de earste net-minslike meiwurker yn Ljouwert dy't in dei meidraait yn in hotel.

Ien dei

De robot sil it personiel net ferfange op termyn, mar wurdt foarearst ynset as ekstra entertainment foar de gasten. It is noch net dúdlik oft it hotel yn Ljouwert ek definityf in Hugo-robot kriget. Dit yn ferbân mei de kosten fan boppe de 10.000 euro. It bliuwt dus foarearst by in dei.

Njoggentjin talen

De robot kin fragen beäntwurdzje yn njoggentjin talen, mar kin noch net op alle fragen in goed antwurd jaan. Neffens manager Alex Kaminski fan it Oranje Hotel wurdt dêr oan wurke troch in technikus dy't nije antwurden programmearre yn de robot. Hugo wit wol it paad nei it Fries Museum en it antwurd op fragen oer it hotel en de stêd Ljouwert.

Trefwurden: 
robot hotel Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)