Campus Fryslân komt yn De Beurs yn Ljouwert

24 jun 2016 - 12:04

Campus Fryslân krijt har ûnderkommen yn De Beurs yn Ljouwert. Dat hawwe de partijen dy't belutsen binne by de Fryske fêstiging fan de kampus fan de Ryksuniversiteit offisjeel bekendmakke. Yn De Beurs sit no noch de iepenbiere biblioteek, mar dy ferhuzet nei de Blokhúspoarte.

It akkoart is tekene troch 13 kennisynstellings en twa oerheden, en markearret de weromkear fan Akademysk Underwiis nei Fryslân. Dêrom is ek neiteam fan professoaren fan de âlde universiteit fan Frjentsjer by de ûndertekening útnûge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)