Aris hellet Dexter Hope werom nei Ljouwert

23 jun 2016 - 22:17

Ljouwerter basketbalklup Aris hat in âlde bekende weromhelle. It giet om de 23-jierrige Dexter Hope. Hy spile earder al fjouwer seizoenen by Aris, mar gie ferline jier nei Donar Grins. Mei dy klup helle hy it lânskampioenskip.

Op dit stuit spilet Hope yn it B-team fan Nederlân. Coach Klaas Stoppels hat no seis spilers fêstlein. Earder al lei Aris Leroy Peterson, Jordan Gregory, Meshack Lufile, Frimpong en Osaihwuwuomwan fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)