Keamerfragen steld oer CAO-kwestje by Sintrale As

23 jun 2016 - 22:04

Twadde Keamerleden fan de PvdA ha fragen steld oan minister Asscher fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid oer de mooglike misstannen by de oanlis fan de Sintrale As. De FNV beweart dat wurknimmers struktureel ûnderbetelle wurde en dat meardere wurkjouwers net foldogge oan de CAO.

De keamerleden wolle witte oft der sprake fan is dat de provinsje, as opdrachtjouwer dêrby, in min foarbyld jout as wurkjouwer. Se freegje har ek ôf oft de provinsje wol goed genôch sjoen hat nei de Wet Aanpak Schijnconstructies en oft dêr genôch op tasjoen is.

Struktuer ûnderoannimmers

As lêste freegje se oft de minister fynt dat de opdrachtjouwers de fakbûnen ynsjoch jaan moatte yn de struktuer fan ûnderoannimmers, sadat it fakbûn kontrolearje kin oft de CAO korrekt tapast is.

Trefwurden: 
Sintrale As CAO keamerfragen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)