Oedo Kuipers wol mei populêre Mozartmusical nei Shanghai

23 jun 2016 - 21:54

Musicalstjer Oedo Kuipers (26) út Gerkeskleaster-Stroobos mei begjin desimber miskien wol foar fiif wiken nei Shanghai (Sina) ta om dêr de musikal Mozart op te fieren. Kuipers spilet op dit stuit yn Wenen al de haadrol fan Mozart.

Miskien sil Kuipers wol fjirtich kear yn Shanghai optrede. "Ik bin hiel benijd hoe't it is, want ik ken Azië noch net sa goed. Ik haw koartlyn op fakânsje west nei Indonesië, mar mear haw ik dêr noch net sjoen."

Dútske taal

Kuipers is de Dútske taal goed machtich, sa is ek wol oan de Dútske tongfal yn syn Frysk te hearren. "Ik wenje al trije jier yn Dútsktalich gebiet en haw in Dútske freondinne, dus ik brûk de taal dan ek de hiele dei. It Dútsk en it Frysk lykje ek wol op inoar", fertelde Kuipers tongersdeitemiddei op de radio by Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)