Diskusje oer Brexit libbet ek bot yn Fryslân

23 jun 2016 - 18:39

Der wurdt al moannen oer praat, mar hjoed is it dan safier: de Britten stimme oer it al as net fuortgean út de EU. It debat oer de kwestje wurdt ek yn Fryslân bot folge. Under oaren troch Brit om utens Nikki Webster. Se wurket as dosint Taal en Kultuer oan de Stenden University, mar hat in grut part fan har libben trochbrocht yn Cambridge yn Ingelân.

Sy seit dat ûnder har freonen en famylje benammen tsjin in Brexit stimd wurde sil. De measte minsken soene benaud wêze foar de eventuele gefolgen fan in Brexit.

Sa't ien fan har Ingelske freonen seit: "Leaver de Duvel dy't wy kenne, as de Duvel dy't wy net kenne."

Ek ûndernimmers folgje it Britse referindum op de foet. Foar harren kinne de gefolgen mooglik grut wêze. Wouter Schaap fan Autonational út Drylts hat in grutte klant yn Ingelân. Hy makket him benammen soargen oer de eventuele nije regels omtrint de hannel mei Ingelân. Ek seit er dat der by ûndernimmers noed is oer it algemiene hannelsklimaat at de Britten út de EU stappe. De ynternasjonale markten en ek de Pond soene wolris bot kelderje kinne. En dat is net goed foar de hannel, sa seit Schaap.

Trefwurden: 
Brexit stimme EU
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)