"Demintearjenden yn SWF mear frijheid jaan mei GPS"

23 jun 2016 - 18:05

Patyna, de nije soarchorganisaasje fan Súdwest-Fryslân, wol de groeiende groep demintearjenden mear bewegingsfrijheid jaan. Dêrby wolle se gebrûk meitsje fan bygelyks GPS. Oant no ta stiet yn de ferpleging feilichheid en beskerming foarop.

Dat betsjut lykwols dat bewenners soms letterlik op de stoel festbûn wurde moatte sadat se net fuortrinne. As minsken mei GPS folge wurde kinne, is te sjen wêr't se binne en as se dan al ferdwale, kinne se gau wer fûn wurde en werombrocht wurde.

Dizze nije oanpak freget wol in oare foarm fan soarch en ek in oare ynrjochting fan de huzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)