Grutste sinnepark fan Nederlân iepene op It Amelân

23 jun 2016 - 16:46

Op It Amelân is tongersdei it sinnepark offisjeel iepene. Mei 23.000 sinnepanielen is it it grutste sinnepark fan Nederlân oant no ta. Dat is genôch om foar hast it hiele eilân alle stroom op te wekjen.

It sinnepark is tsien bunder grut en leit njonken it fleanfjild bij Ballum. It is in gearwurking fan de gemeente, de Amelander Energie Coöperatie en enerzjybedriuw Eneco.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)