FIDEO: Wrakstikken fleantúch by Bitgum yn dielen burgen

Dûkers hawwe tongersdei de earste wrakstikken fan it delstoarten Switserske fleantúch by Bitgum burgen. De dûkers markearje wêr't de wrakstikken lizze, letter wurdt der dan in daam om it wrak hinne lein. Dan wurdt it wetter fuortpompt en komt it wrak drûch te lizzen.
Mei kranen wurde dan de grutte wrakstikken fuorttakele. Alle ûnderdielen wurde nei fleanfjild Woensdrecht brocht, dêr't se fierder ûndersocht wurde sille. De berging sil noch wol in wike of seis duorje. Militêren hâlde it terrein om it fleantúch hinne yn 'e gaten.