Keamerdebat oer oanhâldende problemen op Ofslútdyk

23 jun 2016 - 15:39

De oanhâldende problemen oan de Ofslútdyk binne in lanlik probleem en net allinnich in probleem fan Fryslân. Dat sizze de Fryske Twadde Keamerleden Lutz Jacobi en Aukje de Vries tongersdei yn it keamerdebat tsjin minister Schultz van Haegen fan Infrastruktuer.

Oare Keamerleden jouwe krityk op it feit dat der miljoenen beskikber steld wurde foar keunst op de Ofslútdyk, wylst de problemen oan slûzen en brêgen oanhâlde. Ferslachjouwer Onno Falkena folget yn Den Haach it keamerdebat en docht fia Twitter ferslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)