Weststellingwerf kontrolearret mei jongeren op alkoholwet

23 jun 2016 - 12:24

De gemeente Weststellingwerf set minderjierrigen yn om te kontrolearjen oft de Drank- en Horekawet neilibbe wurdt. Yn dy wet stiet ûnder oare dat jongeren ûnder de 18 jier gjin drank keapje of drinke meie. De saneamde 'Mysterykids' fan 16 en 17 jier bringe besites oan eveneminten om te sjen of elkenien him oan de regels hâldt.

Yn Weststellingwerf binne op it stuit in soad eveneminten en neffens de gemeente komme jongeren dêr faak mei alkohol yn oanrekking.

De start fan it ûndersyk wie mei it karnavalswykein yn Wolvegea. De Mysterykids besochten dêr alkohol te keapjen, mar dat slagge net.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)