Sânplaat Richel krijt nije waadhutte

23 jun 2016 - 11:32

De sânplaat Richel, tusken Flylân en Skylge, hat in nije waadhutte krigen. Dy wurdt tusken juny en ein septimber brûkt troch fûgelûndersikers en waadwachters. It ûndersyk rjochtet him benammen op trekfûgels dy't gebrûk meitsje fan de Richel.

De waadwachters jouwe ynformaasje oan de opfarrenden fan drûchfallende boaten oer fûgels en seehûnen en de wize wêrop se de bisten sa min mooglik fersteure.It Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee is eigener fan de waadhutte. It ynstitút docht al jierren ûndersyk op de Richel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)