Kollum: "De lêste skries"

23 jun 2016 - 08:30

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.

"Sa lang as ik my betinke kin ha ik hinnen hân. Ik ha wat mei geiten en mei hinnen. It binne beide hiel eigenwize bisten, geiten moatte jo hâlde om it flokken te learen, sa seit de siswize. No, mei hinnen wol je ek wolris in raar wurd ûntkomme. Sa as lêstendeis barde. Ik ha al hiel lang Fryske hinnen. Wytweiten en gielwytweiten. It binne gjin hânsume bisten, dat wol sizze dat se net mak binne. Mar se lizze moaie aaikes dy’t fansels trije kear lekkerder binne as de fierstente grouwe aaien út de supermerk. In aai fan in Frysk hintsje is hast krekt sa lekker as in sâlte hearing.

Myn hinnen sitte yn it hok. Moaie loop bûtendoar en it is mei hinnen sa dat as se it nei it sin ha, dan lizze se aaien. Oars hâlde se dêr daliks mei op. No hie ik oant in goed wike lyn twa hokken mei hinnen. Hie, want der is wat slims bart. Myn fokmateriaal fan mear as tweintich jier is poater. Yn in nacht ophelle troch in foks. Dy’t dus troch it gaas yn it hok kaam en ien foar ien myn moaie hinnen ophelle. It hok dêrnjonken koe er net yn komme, dat dy ha de slachting oerlibbe.

Buorman spotte lêstendeis op klearljochte dei in foks by him op it hiem. Sa tichteby komme se dus yn de honger nei fretten. It fjild is nammentlik al leech iten, dêrom binne no de hinnen en kninen fan de hobbyboeren oan bar. Ik hearde ferline wike einliks wer ris in lûd yn de media dat der hast gjin jonge skriezen oerbleaun binne. Allegearre opfretten. Marters, rôffûgels, foksen, swarte krieën, roeken, murden en wylde katten.

Ik sil no in poging dwaan om my tige net populêr te meitsjen yn bepaalde rûnten. Ik ha it wolris earder sein, ien fan de kwealike saken dy’t ús op dit stuit beheine yn it natuerbelied is de Partij voor de Dieren en har dwaze oanhing. Mar ek yn oare partijen sitte lju dy’t werklik net yn de gaten ha dat der wat barre moat. Fanatike klups as Wakker Dier ha blykber genôch jild om om it oere de eter fol te spammen mei kolderike boadskippen, mar se soenen ris in dei mei it fjild yn moatte.

De predaasje fan alles dat wy graach hearre en sjen wolle, de greidefûgels dus, is sa grut dat dêr no echt wol wat oan dien wurde moat. Mar de ûnmacht by de oerheid is sa grut dat it bliuwt by wat nutteleas guozze-aaien trochprippe, wylst se de simmerguozzen fansels gewoan opromje moatte soenen. Spitigernôch ha de natuer-fanatisy safolle lobby-ynfloed en finansjele romte dat se mei ellenlange rjochtsaken alles trainearje kinne en mei Randstedelijke emoboadskippen de minsken ynpiperje dat het vosje zo lief is en dat het allemaal aan de mensen en vooral aan de boeren ligt.

De oerheid moat in fûst meitsje tsjin dizze idiotery. Wy libje net yn it wyld, mar yn in oanharke parklânskip. Dêr heart behear by. De populaasje foksen, marters, rôffûgels, krieën, murden en roeken moatte ek beheard wurde, wolle wy oer tsien jier noch de rop fan in ljip hearre. It projekt Kening fan de Greide kin oer in jier as wat om in oare ambassadeur út as de lêste skries op It Amelân ek belies jout. Al dat krewearjen mei skriezekriten, plas-drasgebieten en wit ik wat der noch mear besocht wurdt, it is in kânsleaze missy.

Sorry dat ik it sis, mar der is mar ien oplossing. Njonken dy projekten dy’t echt wol goed binne, in bytsje differinsjaasje yn it Ingelsk raaigerslân oanbringe en de biologyske buorkjende boeren stypjen bliuwe, sil de oerheid de moed fine moatte om echt drastysk yn te gripen yn it oantal predatoaren. It is te gek foar wurden dat de hokken sels op klearljochte dei leechfretten wurde. Der is te min iten foar al dy moardners. Want se ha nea genôch.

Ik wit wol dat der yn alle stilte wol hjir en dêr wat bystjoerd wurdt, mar as ik yn in stik maislân sa’n sneu ljippestel mei de twadde lêch oan de gong sjoch en der sitte 18 krieën, in lân fol seefûgels, ja hjir yn de Wâlden, tsjintwurdich ek standert in pear earrebarren en noch in kloft roeken, dan skodholje ik en jou de ljippen stikem it advys om der mar mei op te hâlden. De kâns op in útbret aai is lytser as dat jo de steatslotterij winne. De oerheid is oan bar. Foar de greidefûgels is it hast tolve oere."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)