Heijmans wol fertrouwen akwadukt-buert werom winne

22 jun 2016 - 22:53

Boubedriuw Heijmans set alles op alles om de oerlêst by de bou fan it akwadukt yn de Drachtsterdyk safolle mooglik te beheinen. Sa wurde de heipeallen de grûn yn board en net trille. Dat selde wurdt ek dien mei damwanden. It bedriuw wol ek sa gau mooglik it fiadukt yn de wyk ôfmeitsje. Sa wolle se it fertrouwen fan de omwenners werom winne. Dat is op it stuit fier te sykjen.

It akwadukt hie al lang klear wêze moatten. Troch fertragings by it grûnwurk en tal fan oare problemen giet it no augustus 2017 pas iepen.

Omwenners fiele har bot yn de steek litten en wolle graach erkenning foar de problemen dy't se tsjinkomme. Sa binne guon tunen fersakke en is der in soad oerlêst fan stof. Heijmans en de provinsje ha tasein dêr better rekken mei te hâlden en derfoar te soargjen fan skea sa gau as mooglik makke wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)