Dramatyske comeback fan Hannes Scherjon by fierljeppen

22 jun 2016 - 22:43

In comeback mei in swart rantsje by it fierljeppen yn Burgum. Dêr makke Hannes Scherjon woansdeitejûn yn rentree yn de topklasse, nei jierren fan blessuereleed. Yn syn alderlêste sprong ferbettere Scherjon syn pr. Mei 20.27 meter wûn er boppedat de wedstriid. Mar by de ôfsprong gie Scherjon troch it ankel.

Tongersdei moat er nei it sikehûs foar ûndersyk, mar de kâns is grut dat er wat ôfskuord hat. En dat soe samar de ein fan syn seizoen betsjutte kinne.

Yn de topklasse einige Nard Brandsma achter Scherjon as twadde, mei 20.03 meter. Tredde waard Sytse Bokma mei 19.90 meter. Sigrid Bokma, it 14-jierrige suske fan Sytse, soarge foar in grutte ferrassing troch 16 meter 10 te ljeppen. De organisaasje moat noch útsykje oft dit in Frysk of sels in Nederlânsk rekôr is. Bokma - útkommend by de famkes - sprong mei har pr ek fierder as alle froulju. Winner yn dy kategory waard Klaske Nauta mei 15.29 meter.

By de junioaren wûn Freark Kramer (17.77 meter) en by de jonges pakte Wietse Nauta alwer syn 7e deititel (17.36 meter).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)