Krityk út steaten op ramtnota docht deputearre De Rouwe neat

De folsleine opposysje wie woansdei tige kritysk oer de earste foarjiersnota fan it kolleezje fan CDA, VVD, FNP en SP. Opposysje-partijen as PvdA, GrienLinks, D66 en ChristenUnie misse - neffens eigen sizzen - ambysje, fyzje en echt konkrete en útfierbere plannen yn de ramtnota.
Deputearre Sander de Rouwe fan finânsjes wie net ûnder de yndruk fan de krityk. Neffens De Rouwe binne de partijen sa kritysk omdat it nije kolleezje fan deputearre steaten bewust hiel oars operearret as foarige kolleezjes.
Provinsje is gjin regisseur
De Rouwe sjocht de provinsje net as de grutte regisseur, dy't alle problemen yn Fryslân oplost, mar mear as 'ferbiner'. dy't plannen en inisjativen fan ûnderen op mooglik makket. It nije kolleezje fan deputearre steaten kiest der dêrom ek foar om net troch te gean mei in projekt as 'Talint 4 Fryslân' om krekt ôfstudearre minsken mei in hegere oplieding oan in hegere baan te helpen.
MKB stimulearje
Neffens De Rouwe is it tûker banen te kreëarjen troch it Midden- en Lytsbedriuw te stimulearjen. It foarstel fan de PvdA om in tredde ronde fan 'Talint foar Fryslân' mooglik te meitsjen waard dan ek ôfstimd mei 16 stimmen foar en 26 stimmen tsjin.