Gjin Fryske stipe foar 'Groningen Airport Eelde'

22 jun 2016 - 22:25

In foarstel fan de ChristenUnie om te ûndersykjen of Fryslân lykas Grinslân en Drinte it fleanfjild fan Eelde stypjen kin, krige woansdei net folle stipe yn provinsjale steaten fan Fryslân. FNP-fraksjefoarsitter Corlienke de Jong neamde fleanfjild Eelde 'in boaiemleaze put'.

Neffens CDA-fraksjefoarsitter Johan Tjalsma is stipe oan Eelde ek achterhelle, omdat fleanfjild Schiphol yn 2018 in dependânse iepenje sil by Lelystêd. En Lelystêd is foar minsken yn it suden fan Fryslân tichterby as Eelde.

Om dan út in soarte fan 'noardlike solidariteit' it ferliesjaande 'Groningen Airport Eelde' te stypjen sjocht Tjalsma dêrom net sitten. It foarstel fan de ChristenUnie waard fersmiten mei tsien stimmen foar en 32 stimmen tsjin. Ek it kolleezje fan deputearre steaten liet wite 'gjin ferlet' te hawwen fan de moasje fan de ChristenUnie.

Trefwurden: 
Fleanfjild Eelde stipe
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)