Heale finalisten bekend by IFK Jeu de Pelote

22 jun 2016 - 22:18

Op it plein fan Easterlittens waarden woansdei de lêste partijen fan de twadde list fan it 18e Iepen Frysk kampioenskip Jeu de Pelote spile. Frjentsjer wûn yn in spannende partij mei 7-6 fan Bitgum. Se komme út yn de heale finale tsjin Ljouwert, dat nei in muoisum begjin Easterein mei 8-3 fersloech.

Yn de oare heale finale komt Easterlittens sels út tsjin Wommels. Wommels hie in steand nûmer om yn de heale einstriid te kommen wylst Easterlittens mei 8-3 wûn fan Boalsert. De winners fan de heale finales keatse freedtejûn de grutte finale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)