Provinsjale steaten rêde skrieze-ûndersyk fan Piersma

Skries © Henk Bootsma
Provinsjale steaten stelle de kommende trije jier alle jierren twa ton beskikber foar it skrieze-ûndersyk fan Theunis Piersma. Hy docht foar de Ryksuniversiteit Grins al sûnt 2004 ûndersyk nei de skriezepopulaasje yn Súdwest-Fryslân. Doel hjirfan is om it oerlibjen, de fersprieding en fuortplanting fan de skries yn kaart te bringen. Dit moat ynformaasje opsmite om de greidefûgels yn de takomst beskermje te kinnen.
It ûndersyk moat 16 jier duorje, oant 2020. Mar troch jildpine drige der al earder in ein oan te kommen, dat is no foarkommen.
In moasje fan SP, FNP, PvdA en D66 hat der foar soarge dat in mearderheid yn de steaten esktra jild beskiber steld hat foar it ûndersyk.