FIDEO: Protesten gean troch op Skiermûntseach
De aksjes tsjin de gasboarrings op Skier hâlde oan. Ek al is der tiisdei yn de Twadde Keamer in moasje oannaam tsjin de proefboarrings. Woansdei is in grut spandoek ophongen mei de oprop om nije wike nei Den Haach te kommen. It oars sa rêstige eilân brûst fan de protesten.