Lammergier sinjalearre by It Amelân en Skiermûntseach

22 jun 2016 - 18:35

Boskwachters op It Amelân en Skiermûntseach hawwe woansdei in lammergier sjoen. It is de grutste rôffûgel fan Europa, it hat in spanwiidte fan trije meter. De lammergier wurdt selden yn Nederlân sjoen en al hielendal net boppe see.

"Hij zweefde eerst boven Ameland en vertrok daarna richting Schiermonnikoog. Ernaast vloog even een buizerd, een van de grootste roofvogels van Nederland. Maar die leek toen wel een bromvlieg", fertelt boskwachter Erik Jansen.

Dizze lammergier komt út Frankryk, sa docht bliken út in stjoerderke dat it bist draacht. Jansen: "Ik vermoed dat het geen geschikte partner of eigen territorium kon vinden en daarom elders een kijkje wilde nemen. En toen vloog hij opeens boven de Waddenzee."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)