Ferkear op Ofslútdyk komt wer op gong

22 jun 2016 - 18:01

It ferkear op de Ofslútdyk is om 17.45 oere wer begongen te riden. It ferkear hat woansdeitemiddei oeren stil stien, neidat de brêge fan de Lorentzslûzen in stoaring krige. Earder op de dei wiene der ek twa steurings by De Stevinslûzen.

De brânwacht waard ynskeakele om de wachtsjende minsken wetter te bringen, ek it Reade Krús kaam dêrfoar yn aksje. It weter wie ek noadich om it brêgedek te kuoljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)