Ferkear op de A6 stiet stil tusken Emmeloard en De Jouwer

22 jun 2016 - 16:58

It ferkear op de A6 moat rekken hâlde mei fertraging. Op it stik tusken Emmeloard en De Jouwer binne woansdeitemiddei by Sint Nyk meardere auto's op elkoar botst. It ferkear kin allinnich mar oer de flechtstrook.

Mooglik binne der ek meardere minsken ferwûne rekke, mar hoe slim as it is kin de plysje noch net sizze.

Trefwurden: 
A6 ûngelok Emmeloard De Jouwer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)