Seis foto's útkeazen foar nije fuotgongersbrêge Bûtenpost

22 jun 2016 - 16:49

Ynwenners fan de gemeente Achtkarspelen hawwe seis foto's útkeazen dy't oan de binnenkant fan de nije fuotgongersbrêge yn Bûtenpost komme. It giet om ôfbyldingen fan it stasjonsgebou yn Bûtenpost, de Spitkeet yn Twizelerheide, it Hoendiep en Groningerstreek, de Bakkerij fan Rienk de Boer op De Harkema, de herfoarme tsjerke yn Bûtenpost en de skipswerf fan Barkmeijer.

Yn totaal binne goed 650 stimmen útbrocht. De foto's binne fan Anne van Lune út Bûtenpost. Stimme koe op de webside fan de gemeente en op Facebook.

De oanlis fan de brêge, dy't it stasjon mei it nije parkearterrein ferbine moat, begjint nei de simmerfakânsje. Ein dit jier moat de brêge klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)