NHL wol robotspinnewedstriid grutter meitsje

De NHL Hegeskoalle yn Ljouwert wol de tradisjonele Spider-Day útwreidzje. De Spider-Day is ûnderdiel fan in projekt dêr't engeneeringsstudinten yn gearwurkje om in robotspin te meitsjen. Studinten elektrotechnyk en ynformatika dogge hjiroan mei. De robotspinnen wurde yn tsien wiken makke en moatte úteinlik op de Spider-Day by ferskate wedstriden stride foar de winst.
De hegeskoalle wol yn de kommende jierren ek oare hegeskoallen yn it noarden freegje om mei te dwaan.
Ek binne der ambysjes om de robotspinnewedstriid nasjonaal en ynternasjonaal te meitsjen.