Havens Lauwerseach en Harns útroppen ta Ekoport

De haven fan Lauwerseach © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De havens fan Harns en Lauwerseach binne útroppen ta Ekoport troch de European Sea Port Organisation. It miljeusertifikaat waard útrikt op in konferinsje yn Appingedam. De oare Waadseehavens krigen de erkenning ek. Se foldogge allegearre oan de miljeu-wetjouwing.
Op de konferinsje waarden ideeën besprutsen oer goed om te gean mei it Waadgebiet as ynternasjonaal beskerme natuergebiet. Dan giet it bygelyks om ôffalferwurking of om it bouwen oan in haven op in sa natuerlik mooglik wize.
De Ried fan Advys Waadseehavens en it Programma nei in Rike Waadsee hawwe de konferinsje opset. Fertsjintwurdigers fan Dútske en Deenske Waadseehavens wiene ek oanwêzich.