Hurdriders beboete op dyk dêr't ek skoalbern fytse
De plysje hat woansdeitemoarn twa autobestjoerder in boete jûn omdat se fierste hurd oer De Knobben yn Drachten rieden. Se hiene 90 kilometer op de teller te stean. Op de dyk is 60 it maksimum. De hurdriderij komt de bestjoerders op in boete fan 271 euro te stean.
De kontrôle waard hâlden nei oanlieding fan klachten út de buert. De hurdriders soargje foar gefaarlike situaasjes, mei om't der in soad jeugd op wei nei skoalle oer de dyk fytst.