Saakkundigen fytse fan Breesân nei Lauwerseach

22 jun 2016 - 08:22

Arsjitekten, lânskipskenners, stêdeboukundigen en bestjoerders fytse woansdei by de Fryske kust tusken de Ofslútdyk by Breesân en Lauwerseach del. Se dogge dat yn it ramt fan de fytskonferinsje Mooi Kust.

De dielnimmers wurdt frege om ûnderweis de kwetsberheid en skientme fan de Iselmar en de Waadsee yn byld te bringen mei foto's en fideo's. It byldmateriaal wurdt brûkt by diskusjes dy't hâlden wurde oer bygelyks bebouwing oan de kust.

Foarbygongers dy't de 'Mooi Kust-fytsers' treffe, meie harren miening jaan oer de romtlike kwaliteit fan de kust. Yn de provinsjes Seelân, Súd-Hollân, Noard-Hollân en Grinslân fytse saakkundigen ek by de kust del.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)