Statushâlders komme op staazje yn de kunde mei wurk

De CDA-fraksje yn de gemeente De Fryske Marren (DFM) wol dat der in yntegraasjestaazje komt foar flechtlingen mei in ferbliuwsstatus. Se wol dat de gemeente statushâlders en it bedriuwslibben mei-inoar ferbynt. Dat soe goed wêze foar de yntegraasje en de kâns op in baan fergrutsje. De gemeente soe dêr mei flechtlingewurk, Pastiel en wolwêzenorganisaasjes nei sjen moatte.