Jitse Akse wol skeafergoeding fan Iepenbier Ministearje

22 jun 2016 - 07:37

De Ljouwerter âld-militêr Jitse Akse sil om skeafergoeding freegje foar hoe't er behannele is. Begjin dit jier waard er mei grut machtsfertoan oanhâlden op fertinking fan it deadzjen fan IS-striders. In arrestaasjeteam helle him út in wente yn Arnhem en hy krige in sek oer de holle. Flak dêrnei is er wer frijlitten.

It Iepenbier Ministearje seit no dat der net genôch bewiis is om Akse te ferfolgjen. Boppedat hat de Ljouwerter sels ferklearre dat syn ferhaal yn de media "niet meer was dan een spannend verhaal", seit it IM yn in ferklearring.

De arrestaasje fan Akse rôp in soad reaksjes op. Mear as 66.000 minsken tekenen in petysje dêr't se harren stipe yn útsprutsen foar him. Jitse Akse hat it ôfrûne healjier ûnderdûkt sitten om't er benaud wie foar wraakaksjes fan IS.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)