Noed oer Wynpark Fryslân bliuwt by ynwenners Súdwesthoeke

De ynwenners fan de Súdwesthoeke hawwe noch hieltyd grutte soargen oer de effekten fan it Wynpark Fryslân yn de Iselmar. Dat hat bliken dien út petearen dy't de koördinator Fon ten Thij fierde mei fjirtich partijen yn de Súdwesthoeke.
Ut dy ynventarisaasje kaam nei foaren dat ynwenners ferwachtsje dat de 89 wynmûnen yn De Iselmar negative gefolgen ha sille foar de natuer, it toerisme en de rekreaasje. Ek tinke se dat bygelyks de fergrizing yn de regio tanimme sil, om't it gebiet minder oantreklik wurdt om te wenjen.
Omjouwingsfûns
Se ferwachtsje dan ek dat Wynpark Fryslân him op grutte skaal ynsette sil om de gefolgen te beheinen. Dêrfoar koenen se ek ideeën oanleverje. Dy presintearre Ten Thij tiisdeitejûn. Hy hat út alle ideeën in pear aksjepunten opsteld. Sa moat der in mienskiplike aginda komme dêr't alle grutte projekten yn de omjouwing yn keppele wurde. Dêrneist moat der in Taskforce komme dy't alles yn goede banen liedt en in omjouwingsfûns.
Nije wike praat de riedskommisje fan Súdwest-Fryslân oer it rapport. De gemeente wie ien fan de opdrachtjouwers fan de ynventarisaasje.