Doarpshuzen moatte duorsum wurde foar de takomst

Sinnepanielen © Omrop Fryslân
Yn it projekt Doarpshuzen mei in Duorsume Takomst wurdt it enerzjyferbrûk fan goed 40 doarpshuzen yn de Súdwesthoeke neier besjoen. De doarpshuzen krije ynformaasje hoe't se op enerzjykosten besparje kinne.
By de doarpshuzen is boukundige steat ynventarisearre om te sjen watfoar maatregels jild opsmite kinne. Isolearje is faak djoer en net rendabel, wol kinne technyske yngrepen helpe lykas it ynregeljen fan de ferwaarmingstsjettel. Der is in soad animo foar sinnepanielen. Yn de rin fan 2017 moatte alle doarpshuzen besjoen wêze.
By 15 doarpshuzen wurdt in analyze fan de eksploitaasje dien en in takomstfyzje makke oer de funksje yn it doarp. It projekt is opset troch Doarpswurk yn gearwurking mei ûnder oare gemeenten, provinsje en Wetterskip Fryslân.