Straf falt leger út foar transporteur Van der Aart

De protestaksje yn Drachten by Van der Aart © Omrop Fryslân, Harm Weistra
Direkteur Dick van der Aart fan Van der Aart Transport hat inkeld in jildboete ûnder betingst krigen. Van der Aart krige de straf om't er wurke mei in ferbeane konstruksje. Hjiryn naam it bedriuw fan Van der Aart de sjauffeurs yn tsjinst, mar hierde de frachtweinen fan dyselde riders. Dêrtroch wienen de sjauffeurs ek foar in part ferantwurdlik foar it ûndernimmersrisiko en dat mei neffens de rjochter net.
Om't it al in pear jier lyn barde en Van der Aart nei de konstatearring de konstruksje oanpast hat, foel de straf leger út as de eask.
Der wie in wurkstraf fan 240 oeren easke en in jildboete fan 10.000 euro. Dy boete is no ûnder betingst.
Van der Aart Transport yn Drachten waard yn maaie fallyt ferklearre. Oft de direkteur yn berop giet tsjin de útspraak fan de rjochter, is noch net dúdlik. Van der Aart is it neffens syn advokaat Tjalling van der Goot net iens mei it feit dat er skuldich is. Neffens him wie de konstruksje oerlein mei de belestingtsjinst, it pensjoenfûns, de autoriteit dy't de fergunningen jout, de branche-organisaasje en de Inspectie Leefomgeving en Transport.