Advys oan steaten: "waarnimmer moat âld-kommissaris wêze"

21 jun 2016 - 19:09

De steaten moatte op syk nei in âld-kommissaris fan de Kening om John Jorritsma nei septimber tydlik op te folgjen. Mei dat advys komt loko-kommissaris Sander de Rouwe. Neffens De Rouwe binne se oars tefolle tiid kwyt mei it ynwurkjen fan de nije tydlike kommissaris.

Provinsjale Steaten makke moandei bekend dat se sykje nei in waarnimmer om't it harren net slagget om foar septimber mei in definitive kandidaat te kommen. Yn septimber hâldt Jorritsma op as kommissaris om't er boargemaster wurdt yn Eindhoven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)