PvdA wol wer starters op arbeidsmerk helpe

21 jun 2016 - 17:29

De provinsjale fraksje fan de PvdA wol it projekt Talint foar Fryslân in ferfolch jaan. Ut de earste twa kearen is noch goed fjouwer ton oerbleaun. Mei Talint foar Fryslân wurde starters op de arbeidsmerk holpen oan in baan as trainee. Se kinne ûnderfining opdwaan en de wurkjouwer krijt dêrfoar finansjele stipe fan de provinsje.

As de wurkjouwers, krekt as earder, de helte fan de kosten foar in trainee op harren nimme, kinne fan dy fjouwer ton op 'e nij aardich wat minsken oan in baan holpen wurde, redenearret de PvdA.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)