Kolleezje Opsterlân wol flink ynvestearje yn skoalgebouwen

22 jun 2016 - 09:45

Yn skoallen yn Opsterlân wurdt mooglik flink ynvestearre. It kolleezje wol sa'n 14 skoalgebouwen opknappe foar 22 miljoen euro. Neffens wethâlder Piet van Dijk is it needsaaklik om't in soad gebouwen ferâldere binne. Fan de 25 skoallen yn de gemeente stiet mear as de helte al goed 40 jier. "Der is in ynhelslach nedich", fertelt Van Dijk.

De ried praat op 4 july oer de ynvestearrings yn de skoallen.

It doel is boppedat om skoallen yn itselde gebou ûnder te bringen, wêrtroch't der minder gebouwen binne. Sa wol it kolleezje fan 25 werom nei 18 gebouwen. Dat hat te krijen mei in achterútgong fan it tal learlingen. De ferwachting is dat der oer 15 jier sa'n 400 basisskoallearlingen minder wêze sille. Van Dijk: "De skoalbestjoeren binne it yn grutte halen iens mei dizze plannen."

Trefwurden: 
Opsterlân skoalgebouwen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)