Elkien: Pas besteande hierwenten oan

21 jun 2016 - 13:50

Wenningkorporaasjes kinne foar 37 miljard euro ekstra sosjale hierwenten bouwe. Dat skriuwt minister Stef Blok fan wenjen tiisdei oan de Twadde Keamer. Neffens direkteur Alex Bonnema fan wenningkorporaasje Elkien is der yn Fryslân lykwols net in soad ferlet fan nije wenten. Dit is in krimpgebiet en der soe mear ferlet wêze fan it oanpassen fan besteande hierwenten, sadat dy duorsum en betelber bliuwe.

Trefwurden: 
Elkien sosjale hierwenten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)