Gruthannel Smeding giet oer op duorsume enerzjy

21 jun 2016 - 12:09

Op it dak fan it haadkantoar fan Smeding Griente en Fruit yn Sint-Anne komme hast 1.900 sinnepanielen. De panielen moatte elts jier 450.000 kilowatt oan stroom opwekke. Se wekke mei de sinnepanielen 25 prosint fan harren enerzjyferbrûk op en wolle kommend jier de oare 75 prosint duorsum ynkeapje troch te kiezen foar wynenerzjy. 

De ynstallaasje wurdt levere en oanlein troch Zonenergie 3.0 fan It Hearrenfean. It bedriuw docht in soad oan duorsumens. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)